zaterdag 2 maart 2013

Ynformeel ôfskied fam. Kroon 1-3-2013

Wy hawwe justerjûn ynformeel ôfskied nommen fan de famylje Kroon. De belangstelling wie grut, de Molewjuk siet grôtfol. Dûmny waard de hiele jûn yn it sintsje set.
Der wienen ûnder oare optredens fan brassband Looft den Heer, sjongkoar Halleluja, de leiding fan de bernenjonkentsjinst en sneinsskoalle, Bertus Postma, Jan Nauta, de diakonij, in supporter fan fuotbalklup Hearrenfean, de âlderein, de clubs en gean sa mar troch.


Jo kinne op de ûndersteande link klikke foar in oantal video fragminten
Klik op dizze link foar in oantal video fragminten




En
hjirre de 
Link nei de earste foto's  fan dizze jûnne.

Hjirby de officiele foto's fan disse junne






Dit wie de bydrage fan de tsjerkerie, songen op de wize fan liet 301,


Út Grins is hy hjir kommen
te wurk stelt by de frommen
hjir yn ús Fryske gea.
Lit ús it wurd begripe
yn fleur en soarch ús stipe
sa noflik, rein en sûnder kwea.

Har hûs wurdt in palyske
mei tún in paradyske
it folk leit derfoar krom.
En suchtet dan ferromme
ús herder kin wolkomme
foar him is der gjin paad werom.

Ja lit ús wol betinke
as wrâld en wielde winke
wer draait it winlik om.
Lit ús it lytse eare
net mear as dat begeare
jin bûge foar de koweblom.

By’t winterjûn op ‘t fytske
in pastoraal besykje
de strjitten glêd en grús.
Langút op ‘s Heren wegen
gjin eagen dy’t it seagen
mar snein, dy preekstoel wie in krús.
Sa froed en sa ynteger
fierd hy oer ‘t tsjerkeleger
syn sêfte hearskippij.
It gea stiet yn ‘e rouwe
de Kroon wêrop wy bouwe
giet no fan ús, it is foarby.