De AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming

Protestantse Gemeente te Bitgum e.o.

De AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming).

Van de Protestantse Gemeente te Bitgum e.o. mag u verwachten dat m.b.t. de privacy wetgeving we voorzichtig met uw gegevens omgaan. Binnen de kerkelijke gemeente is het omzien naar elkaar, de betrokkenheid met elkaar en het vormen van een gemeenschap van essentieel belang. Uit hoofde van het goed functioneren als kerkelijke gemeente kunnen we niet zonder persoonlijke gegevens van de leden van onze gemeente. Binnen de kerkelijke gemeente is een ieder die op basis van zijn functie gegevens ontvangt of ter inzage heeft, verplicht tot geheimhouding. Wilt u weten hoe de kerkelijke gemeente hiermee omgaat dan stellen wij u daarvan op de hoogte. Daarvoor kunt u contact opnemen met de scriba van de kerkenraad.

zaterdag 29 november 2014

“muzikale fruitmand”



Jan Oosterhaven hâldt nei 35 jier op mei de “muzikale fruitmand” en wurdt op de gemeentejûn yn it sintsje setten.



Op de gemeentejûn fan 24 novimber jout foarsitter Grietje Sijbesma oan dat wy yn de lêste PAADWIZER lêze koenen dat Jan Oosterhaven dwaande is mei it meitsjen fan ien syn lêste “muzikale fruitmanden”. Jan hat dit frijwilligerswurk 35 jier lang dien.

De foarsitter:”No’t Jan ein desimber in punt set efter syn “muzikale fruitmand”, wolle wy him efkes yn ’t sintsje sette. 35 jier is in hiel lang skoft. Fan 28 novimber 1979 oant en mei novimber 2014, dat wienen 1421 útstjoeringen, sa lêze wy yn de PAADWIZER. Yn it begjin fia de tsjerketelefoan en yn letter jierren allinnich mei kassettebantsjes. Wat in wurk! Wat hat hy soarge foar in soad lústerwille, by bliere en by drôve tiden, it waard allegearre meinommen yn syn “fruitmand”.
Net allinnich de muzyk spile in rol, ek koarte oertinkings wiene foar de harkers tige wichtich. Jan, no komt der hast in ein oan dit wurk. Wy wolle dy tige, tige tank sizze foar alles watsto foar ús gemeente mei dit bysûndere wurk dien haste. Wy winskje dy noch in protte soene jierren wêryn asto no in bytsje ta rêst komme kinste. Wy hoopje datsto noch trochgean wolste mei dyn frijwilligerswurk as koster. Wy hawwe jûn in blomke foar dy, mar yn oerlis mei dy en de diakonij wolle wy dy noch in passend kado jaan”.

Jan Oosterhaven komt nei foaren om syn blomke, de tank wurdt befêstige mei in dikke tút fan de foarsitter. Jan Oosterhaven jout oan dat hy dit wurk mei in soad nocht en wille dien hat.