vrijdag 7 november 2014

Tankdei

Ôfrûne  woansdei is mei tankdei, lykas foargeande jierren, wer in ynsammel aksje hâlden foar “de voedselbank”. Dizze kear wie dat foar voedselbank “De Helpende Hand” dy’t aktyf is yn Noard-West Fryslân.
De opbringst wie, sa’t jo op de foto sjen kinne, wer geweldich.
Freed binne in pear diakenen nei Harns west om de spullen der te bringen.


Minsken allegearre tige betanke.
Wat moai dat wy ús meiminske sa wat stypje kinne!