vrijdag 14 juli 2017

Kom snein en stel jo fraach!


Kommende snein 16 july sille

 

Hillie en Eman

mei harren 3 dochters (Lianke, Vira en Lorah)

yn de tsjinst komme yn Bitgum.

 

Hja binne ree om hokker fraach dan ek te beantwurdzjen oer harren nije útstjoering as gesin foar de organisaasje OMF.

 
Eltsenien is fan herte wolkom fanôf 9.30 yn de tsjerke fan Bitgum om harren te moetsjen en mei elkoar de tsjinst te fieren.

 

De ZWO kommisje: Thea, Anke, Detty, Klaas, Jurjen en Adalgard