De AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming

Protestantse Gemeente te Bitgum e.o.

De AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming).

Van de Protestantse Gemeente te Bitgum e.o. mag u verwachten dat m.b.t. de privacy wetgeving we voorzichtig met uw gegevens omgaan. Binnen de kerkelijke gemeente is het omzien naar elkaar, de betrokkenheid met elkaar en het vormen van een gemeenschap van essentieel belang. Uit hoofde van het goed functioneren als kerkelijke gemeente kunnen we niet zonder persoonlijke gegevens van de leden van onze gemeente. Binnen de kerkelijke gemeente is een ieder die op basis van zijn functie gegevens ontvangt of ter inzage heeft, verplicht tot geheimhouding. Wilt u weten hoe de kerkelijke gemeente hiermee omgaat dan stellen wij u daarvan op de hoogte. Daarvoor kunt u contact opnemen met de scriba van de kerkenraad.

zondag 27 mei 2018

Earste Pinksterdei by Poptaslot

Kom yn beweging!

Earste Pinksterdei ha we ús jierlikse tsjerketsjinst hâlden op it plein foar it Poptaslot yn Marssum. It waar wie presys goed; de sinne skynde, it wie net te waarm en in sêft wyntsje makke dat we de tsjinst prima bûten hâlde koene.


It tema wie: kom yn beweging. Mei troch de ferskate bydragen waard dit tema yn de tsjinst útlein. Marije van der Heide mei har dûns en har útlis, dûmny Fokje mei it ferhaal oer de toer fan Babel en it Pinksterferhaal, Sjoerd Schaaf oer it projekt Maher yn Yndia dêr't hij al rom 40 jier oan ferbûn is, de bern mei de sels opkleure dominostiennen en troch íen stien wurd alle oare ek yn beweging set en as útsmiter brassband 'Looft den Heer' mei in muzykstik en muzikanten yn beweging. Mar ek alle minsken dy't der wiene troch nei dizze byienkomst te kommen.


Fierder net te ferjitten al dy frijwilligers dy't yn beweging kaam binne om by te dragen: it meitsjen fan de liturgy, it klear setten fan alle banken, it setten fan kofje en té, it bakken fan de cake, it regeljen en fuort bringen fan de blommen, de tarieding en begelieding troch de lieding fan de bernenjonkentsjinst en sa noch mear.


De tsjinst hat ynspiraasje jûn om yn beweging te komen en om fanút it Pinksterferhaal yn de wrâld te stean.



We sjogge jimme takom jier graach wer!



Mei freonlike groet,
ZWO kommisje.